SDS-League: Alwer 2 wykpriiswinners!

Weppers tongersdei 14-12-2017
14 december 2017
Weppers freed 15-12-2017
15 december 2017

Dizze wike wurdt de wykpriis op ‘e nij dield. Dizze wike binne it ‘Friendzone’ fan Dirk Stegenga en ‘Boppe FC Hallema’ fan Stefan van der Velde. Beide pakten sy 44 punten. Pieter Wesselius kaam mei ‘FC Legend’ ek in hiel ein mei 41 punten. Dit levert him dan wol gjin wykpriis op, mar wol in kreas twadde plake yn de stân.

Dirk en Stefan út de skroeven mei harren wykpriis!

‘FC Boekelaar’ fan Klaas-Bouke Faber stiet noch altiten oan kop, mar fielt de hite adem fan Pieter Wesselius mei ‘FC Legend’. It ferskil is 3 punten.

Bliuwt ‘FC Boekelaar’ oan de top?

Je soenen hast sizze dat de top 5 de prizen ferdielen giet dizze earste helte fan de SDS-League. It ferskil tusken de nûmer 1 en nûmer 5 is namelijk mar 5 punten.

Opfallend is de sprint dy ’t ‘Jimbar’ fan Anne Brouwer en ‘DTD’ fan Dooitze Nauta ynsette. Sy pakke mar leafst 39 punten dizze wike. Wy tinke dat harren einsprint te let komt om noch yn de prizen te fallen. Sy steane no dield 57e……….

Marc Hoekstra makket him mei ‘Kratje Bier’ fêst klear foar de priisútrikking op de nijjierssit op sneon 6 jannewaris foar it yn ûntfangst nimmen fan de poedelpriis.

 

SDS League 2017-2018 earste helte stand wike 9