SDS-League: ‘14.00 uur koffie, Eeltje’ pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 22-3-2018
22 maart 2018
Weppers freed 23-3-2018
23 maart 2018

It giet mar goed mei SDS 4! Wat de rissultaten yn de SDS-League betreft yn elts gefal. Dizze wike is it ‘14.00 uur koffie, Eeltje’ fan Gert-Jan Hessels dy ’t de wykpriis pakt. Hy bliuwt û.o. ‘REJO’, ‘Balletje, Balletje’ en ‘Hey Ho Let’s Go’ krekt foar.

Gert-Jan hat de kofje klear en miskien wol mear………

Martijns ‘Pablo Rispens’ is noch altiten ûngrypber yn de SDS-League. Hy stiet noch altiten los 18 punten los fan de nûmer 2. Wy hawwe al in nije nûmer 2 yn de foarm fan ‘De 11 fan Delf’ fan Johan Delfsma.

SDS 4 regeert de top 10 mei ‘Pablo Rispens’ op 1, ‘Kali Kartel’ op 3, ‘REJO’ op 5, ‘Op naar het Museumplein’ op 6 en ‘SDS 4? Zal wel weer afgelast zijn’ op 9.

‘GEMANIJO’ fan de familie Hiemstra stiet noch altiten stiif lêst. Neist de PSV-sjaal koe der dus oan it ein fan it seizoen ek wol in SDS-League-poedelpriis-sjaal yn it hûs fan de Hiemstra’s swaaie.

SDS League 2017-2018 twadde helte wike 6