SDS 1 komt ‘krekt’ te koart tsjin FC Dordrecht

SDS 1- FC Dordrecht 1
4 augustus 2017
Weppers tiisdei 8-8-2017
8 augustus 2017


Foto; Bauke de Boer

Foto; Rodney van Gelderen

Sa ’n 250 minsken kamen ôfrûne sneon ôf op de oefenwedstryd tusken SDS 1 en Jupiler-League-klup fc Dordrecht yn Easterein. SDS 1 wie sa goed as kompleet en fc Dordrecht is drok dwaande om oan in nij team te sleuteljen, neidat der nei ferline seizoen 17 man út de seleksje fertrokken binne. Sy dienen dat ôfrûne wike op in trainingskamp yn Makkum en spilen oefenwedstriden tsjin in regioteam yn Rottevalle en tsjin SDS. FC Dordrecht woe graach op keunstgers fuotbalje om ’t sy thús ek op keunstgers fuotbalje. Sy hienen allinnich net tocht dat sy op sa ’n kreas keunstgersfjild fuotbalje soenen.
Al gau yn de wedstryd waard dúdlik dat FC Dordrecht in maatsje te grut wie foar SDS. De ploech fan Gérard de Nooijer kaam binnen in kertier al mei 2-0 foar. Hjirnei blaeun de tredde goal in skoftke út en koe SDS sels de 2-1 meitsje trch in goal fan Pieter Sijtsma. SDS siet der boppe op en Dordrecht spile dúdlik yn in fersnelling te leech om it SDS hiel dreech te meitsjen. Dochs waard it foar de rêst noch 3- en 4-1.
Jeremy Cijntje (links) kopt de derde Dordtse treffer binnen in het oefenduel met SDS.
De 3-1 fan fc Dordrecht. Jurjen Los en Gertjan Bootsma kinne der neat mear oan dwaan.
Foto; Erwin Spek

Nei de rêst mochten de jonge seleksjespilers plak meitsje foar de ‘âlderein’. It waard al gau dúdlik dat Dordrecht der in skepke boppe-op dwaan die en stie binnen de minút al op 5-1. Jacob-Klaas Haitsma skoorde foar SDS noch de 5-2, mar dêrnei kaam SDS eins net mear by de goal fan de Dordtenaren. Uteinlik makken de Skieppekoppen út Dordrecht yn de twadde helte 9 goals, mar pakte keeper Jaap Toering ek noch seker wol 5 wisse goals wêrtroch de einstân op 13-2 kaam. De goals fan fc Dordrecht wienen fan; Mutzers 4x, Cijntjes 3x, Mahmudov 2x, Bijl 2x, Rosenthal en Bakker.
Al mei al in tige slagge dei wêr it nei de wedstryd ek noch wol in skoft gesellich bleaun yn de kantine. De famkes fan KF Easterein hienen de Ald-Meiers-partij wûn en dat koe moai fierd wurde.
Mei it Draaiend Rad wie wedstrijdsponser en ere-foarsitter Enno Bruinsma net ûngelokkich en gie mei blommen en in dikke rollade nei hûs.

Op de webside fan âld-SDS’er Sipke Tjersktra fan Tjerkstra Media Clubwatcher kinne jim mear lêze!

Ek yn it AD stie noch in alderaardichst stikje.