Prachtich SDS-FIFA-18-toernoai

Weppers 3-1-2018
3 januari 2018
SDS-nijjierssit 2018
4 januari 2018

Woansdeitemiddei/jûn in prachtich FIFA 2018-toernoai yn de kantine fan SDS mei miskien wol in ferrassende winner ……. út Nijlân. Jarno van der Wal  (SDS/Nijland 15-3) koe om 20.30 oere de wikseltrofee yn ûntfangst nimme.

Yn de spannende finale tsjin Anco Bervoets makke Jarno yn minút 90 de 1-1 en strafskoppen moasten de beslissing bringe. Jarno wie ien doelpunt doeltreffender.

Yn de treastfinale wist Yke Gaastra maklik te winnen fan Larissa Euper, dy’t as ienige famke tusken 23 jonges wol mei in moai pakket nei hûs gie (4de priis)

De 24 dielnimmers gongen om 17.00 oere fan start yn 4 poules fan 6 dielnimmers en mochten yn 5 wedstriden harren pleatse foar de kwartfinale. At it ferrassend is, witte wij net mar de twa finalisten fan ferline jier (Mark en Tjerk) koene harren net pleatse foar de kwartfinale.

Yn de kwartfinale koe Hendrik van der Eems it net krekt net winne fan Anco en kaam Eeltsje Bootsma te koart tsjin de lettere winner Jarno. Milan van der Weg fûn syn Waterloo yn de partij tsjin Yke Gaastra.

De lêste kwartfinale wie in echte triller. Larissa Euper naam it op tsjin Daniel Veenstra en de partij like op 3-3 te einigjen. Mar yn minút 89 waard it noch 4-3 en yn minút 90 sels 4-4. Ek strafskoppen moasten dêr de beslissing bringe. Larissa gie troch.

Alle bern hiene in patatsje en wat drinken hân en de lieding fan it gehiel lei bij Pieter Sytsma, Jacob Klaas Haitsma en Willem Wijnia.

WD-SAT hie wer in oantal moaie skermen beskikber steld. De favorite klups om mei te spyljen wiene foaral Real Madrid, Manchester City, Barcelona en Bayern München.

Mear foto’s binne hjir te sjen.

Jûns mochten de senioren los, de belangstelling wie iets lytser mar de striid sil like fûleindich west ha. Tsjin healwei tolven koene de prizen útrikt wurde.

Winner waard Gerlof-Jan Hofstra, mei as twadde Jacob-Klaas Haitsma (hoe sil it ek oars 😉 en tredde Dirk Stegenga.