Peaskedagenweppers

Sneon 31-3-2018
30 maart 2018
Weppers tiisdei 3-4-2018
3 april 2018

SDS 1 nei Bant

Om 14.30 oere stiet yn Bant de wedstriid Bant 1 – SDS 1 op it programma. SDS 1 stiet op de fertekene ranglist op it 6de plak mei 26 punten. Sjoch hjir.

Mei de bus nei Bant!

SDS 1 fertrekt Peaskemoandei om 12.30 oere mei de bus út Easterein. De folgende spilers, supporters en rider gean mei:
Spilers: Gertjan, Bauke, Erik, Ewout, Frank, Habtamu, Jacob-Klaas, Jelmer, Lourens, Marco, Matthijs, Pieter, Peter, Remco en Wiebe.
Supporters: Marc, Enne, Inne, Appie, Baukje en Nynke.
Rider: De bussjauffeur.

SDS VR1 ..grutsk

Juster wie it dan safier, de bekerwedstriid tsjin VVI. Toch wol een biitsje senuwachtig begongen we oan de wedstriid. De leatste tiid gjit it foatbaljen wat minder, we moatte wer in een goeie flow komme maarja hoe doche je dat? Nei een goed motivaasje wurdsje fan Stefan begongen we fel.
Maar VVI begong feller. In it earste kwartier waard it al dudelijk, SDS moest der een skepke bovenop dwaan woene we disse wedstriid winne. Dat lukte aardig en al vrij snel scoorde Tsjitske de 1-0. It foatbaljen gong steeds better, oan beide kanten.
Krek foar rust scoorde Serriete de 2-0, de bliidskip wie grut maar ek VVI kriig goeie kansen. De twadde helte begun VVI wer heel goed, SDS wie ek fel maar VVI krekt wat feller.
In de twadde helte hat VVI een heel soad kansen han maar troch fantastisch keepwurk fan Marjo ha wij de 0 houden. It is zeker duidelijk dat Marjo “man of the match” is!
Wat ek nog wol even leuk is om te vermelden is dat dit de eerste wedstriid fan it seizoen wie werbij VVI net koe score!
Toch leuk dat wij der as team foar soarge ha! En no sitte wij as team bij de leste 8 fan de beker, der kinne wij as team super trots op wese!

Jelle

Ien fan de skiedsrjochters fan SDS ,  Jelle de Boer yn it nijs. Sjoch hjir

It is tiid……


Der wie gjin klok bij it fjild dy’t it die bij Workum 1- SDS 1. De skiedsrjochter hie dus wat help nedich om de superspannende wedstriid ôf te fluitsjen. De skiedsrjochter hie fansels syn eigen klokje mar hij krige ek de help fan in supporter fan SDS.
Mei alles wat hij yn syn longen hie, raasde Appie om de 20 sekonden dat it tiid wie……De skiedsrjochter liet sa’n 8 minuten trochspylje en dan kinne jim wol útrekkenje hoe faak wij it roppen heard koene “Skeids, it is tiid….skeids it is tiid……skeids it is tiid…..ensf.

Combi jeugdteam naar toernooi bij Vv Balk.

2e paasdag gaat er een leuk en sterk jeugdteam naar een toernooi die word gehouden bij Vv Balk het is zelfs een combinatie van 3 jeugdteams
en gaan erheen als SDS JO 11-1.

JO 9-1 1 speler ( Wytze)
JO 10-1 4 spelers ( Wiebren , Sibrand , Tygo en Herman)
JO 11-1 4 spelers ( Pieter , Sietze , Luuk en Tsjalling)

We gaan er heen voor ons plezier en ook om ervaring op te doen.

Mochten mensen zich vervelen? Supporters zijn welkom vanaf 13.00 uur gaat we los.
Onze wedstrijden zijn.

13.15 uur LSC 1890 JO 11-3 – SDS JO 11-1
13.45 uur Scharnegoutum JO 11-1 – SDS JO 11-1
14.30 uur SDS JO 11-1 – Heerenveense Boys JO 11-2
15.00 uur SDS JO 11-1 – Lemmer JO 11-1

Dropaksje


De lente is weer in zicht, dus tijd voor de jaarlijkse dropactie!!

In week 15: 9-13 april zal de dropactie gehouden worden, noteer het vast in de agenda!!

Volgende week zullen de leiders die met hun team erop uit gaan en de lopers in de dorpen mail krijgen met extra informatie.

Ut in hiel âlde doaze


Fan Tiny Hoekstra hawwe wij aardich wat kranteknipsels krigen fan de tiid dat har man Tinus Hoekstra lieder wie bij SDS 1. Der siet ek in moaie foto bij fan noch earder..
SDS 3  kampioen yn 1975 mei tal fan bekende koppen.

Harsens derby (2003)

In knappe beweging fan Hulk! Sels de assistint-skiedsrjochter trapet der yn!