Yntroduksje

Op 4 novimber 2002 gie de SDS-side de loft yn. Doe wienen wy ien fan de earste fuotbalklups mei in webside. Ynmiddels binne wy hast 14 jier fierder en wurkje wy noch altiten mei likefolle plezier oan deselde webside. Yn dy 14 jier is der in soad feroare en sil ek de SDS-side mei de tiid mei moatte. Sa wie de webside hast net te lêzen op de tillefoan en koenen wy him faak net mear bewurkje troch ferâldere systemen. Dêrom hawwe wy yn gearwurking mei 5online en Freez.It in nije webside boud. Wy binne hjir tige wiis mei en hoopje dat jim der likefolle wille oan belibje sille as ús!
Om ’t wy de webside net allinnich by de tiid hâlde kinne hoopje wy wer op in soad ynput fan jim. Bliuw jim SDS-nijs mailen nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@planet.nl!

De wepmasters Aant en Willem

vv-sds-logo-e1465945989962