OFK 2016
Ek dizze winter dogge SDS 1 en de âld-sealfuotballers fan SDS 1(seal) wer mei oan it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal(OFK). De froulju fan SDS vr. 1 dogge dit jier net mei.
It OFK wurdt ferspile yn De Trije yn Frjentsjer. Sneon 9 jannewaris binne de finales. De fjildfuotballers treffe yn de foarrondes û.o. de sealfuotballers fan Drs. Vijfje en Blauw-Wit ’34 1. De âld-sealfuotballers sitte by sc Berlikum yn de poule. Hjir troch waarden sy ferline jier noch útskeakele. De fjildfuotballers hawwe harren foarrondes op tongersdei 7 jannewaris en de sealfuotballers op woansdei 30 desimber. Meastentiids is it de muoite wol wurdich om efkes yn Frjentsjer te sjen.
Poule H4 woansdei 30 desimber
VCR
VVI
SC Berlikum
SDS (âld seal)
Oeverzwaluwen (fjild)
SC Franeker (sneon)Poule H11 tongersdei 7 jannewaris
ONS Sneek
SDS (fjild)
vv Marrum
Drs. Vijfje
Futsal Buitenpost 2
Blauw-Wit ’34 1 (seal)

SDS 1 kaam úteinlik oan ’t de lêste 8.

OFK 2015

OFK 2014
De âld-sealfuotballers fan SDS hawwe dreech lotten foar it OFK yn jannewaris yn Frjentsjer. Sa sitte sy ûnder oaren yn by de winners fan ferline jier Wykels/Hallum(fjild), 1e-Klasser Urk en spylje sy wer in derby tsjin it altiten lestige Easterlittens(seal).
De hiele poule sjocht der foar harren sa út:
Wykels/Hallum(fjild)
VV Noordbergum(fjild)
SV Leovardia(sneins, fjild)
Urk(fjild)
Easterlittens(seal)
SDS (âld-seal)

Ek de froulju fan SDS hawwe net in maklik lot:
MSC(fjild)
Avanti (seal)
VIOD 2 (fjild)
HZVV(seal)
Be Quick Dokkum (fjild)
SDS (fjild)

De SDS-froulju rêden it úteinlik net op, mar SDS 1 (âld) seal kaam úteinlik oan ’t de kwartfinales. It hie net folle skeeld of der hie noch mear yn sitten ek. Sjoch hjir.

OFK 2013
Begjin jannewaris docht SDS 1(fjild), âld-SDS 1(seal) en SDS 1(froulju) mei oan it OFK yn Frjentsjer.
Dit is foar harren de lotting:

Poule H13(woansdei 9 jannewaris)
vv Nicator
vv SDS zaal
sv NOK
vv Read Swart
vv Oosterlittens veld
Be Quick Dokkum veld

Poule H16(tongersdei 10 jannewaris)
vv VIOD
vv De Wâlde
Avanti
vv SDS veld
vv Broekster Boys veld
vv Balk zaal

Poule D3(moandei 7 jannewaris)
LAC Frisia
Heerenveense Boys 2
vv Nieuw Roden
vv SDS
vv Flevo Boys 1
vv Drachtster Boys 1
Hjir kinne jim mear fine oer dit sealtoernoai begjin jannewaris.

Âld-SDS 1 seal gie úteinlik nei de finales en kaam tot de lêste 16. Hjir waarden sy mei 2-1 útskeakele troch Sint-Anna. Sjoch hjir foar it wiidweidich ferslach.

OFK 2012
SDS fjild hat juster de finale poule fan it OFK oerlibbe. Winst op Harlingen, lyk tsjin ONT en Blauw Wit seal wie genôch om 1ste te wurden.
Yn de kwartfinale moast SDS tsjin VCR. Dy komme út Rinsumageast en bleaunen lekker yn de kont hingjen enwachten op dat iene kânske 3 minuten foar de ein. Teloarstellend ferlies dus.
Hjirnei ferlearen de Rinsumageasters fan Oeverzwaluwen dy ’t ferfolgens wer fan Avanti ferlearen. ZVF ferlear yn de heale finale fan Drs. Vijfje mei 2-0. Hjirtroch wienen de finalisten Avanti en Drs Vijfje.
Fansels koe it yn de finale alle kanten út, mar Drs. Vijfje wûn úteinlik mei 2-0 fan Avanti.

OFK(2)
Toch noch in lyts bytsje feest yn Easterein nei oanlieidngfan it OFK. Akke Rixt Zijsling dy’t yn Easterein wennet, pakte mei ONS de preemje. ONS ferlear yn de finale fan Drachtster Boys dy ’t ek ferline jier al earste waard.

OFK 2011

SDS 1 seal troch nei finaleronde OFK
SDS 1 seal is der juster yn slagge om de finaleronde fan it OFK te heljen. SDS 1 wûn de earste wedstryd fan Oeverzwaluwen mei 2-1 en ferraste yn de twadde wedstryd troch mei 2-1 te winnen fan Avanti. De tredde wedstryd waard in makkelijke 6-0 oerwinning op Ropta Boys. Hjirnei moast in lykspul tsjin FVC hast genôch wêze foar in finalerondeplakje. Dizze wedstryd waard jammerlik mei 1-0 ferlern krekt foar tiid. Trochdat Avanti yn de earste wedstryd fan FVC wûn hie kamen sy tegeare mei SDS lyk te stean. It doelsaldo fan FVC en SDS wie lyk en dat fan Avanti iets better mei noch ien wedstryd te gean. Om ’t FVC mei 6-0 wûn fan Ropta Boys en SDS hjirnei syn lêste wedstryd pas hie wist SDS wat sy dwaan moast. Mei 7-0 winne dus fan CVO. Dit slagge ek noch. Úteinlik wie dit al ien doelpuntsje te min om groepswinner te wurden boppe Avanti.
SDS 1 sit no sneon yn in poule fan 4 mei LSC 1 zaal, VV Oosterlittens 1 zaal en Futsal Buitenpost 1. De earste 2 geane troch nei de finales. De wedstriden begjinne sneon om 10.00.
Sjoch hjir foar it ferslach op de webside fan ZVF.

SDS 1 fjild ek troch nei finales fan OFK
SDS 1 fjild is der lykas it sealteam yn slagge om de finales fan it OFK te berikken. Sy waarden juster twadde yn de poule.
SDS – Harlingen 1-2
SDS –DTD 3-2
Wardy – SDS 1-4
Trynwalden (zaal) – SDS 0-2
SDS – Balk (zaal) 0-2
Harlingen earste yn de poule mei 12 punten.
SDS twadde yn de poule mei like folle punten (9) as Wardy mar wij hiene in better doelsaldo (ien goal ferskil).
Sneon moat it al better, oars binne we foar it iten wer thús.
Groetnis,
Marco
Sjoch hjir foar it ferslach fan tiisdei op de webside fan ZVF.

Sawol SDS 1 seal as SDS 1 fjild hawwe harren dus pleatst foar de finales fan it OFK. De SDS-froulju binne der net yn slagge om troch te kommen. Sy ferlearen al harren wedstriden yn in hiele drege poule mei û.o. Futsal Heerenveen en HZVV.

SDS 1 seal hat wat personiele problemen. Jelle de Boer is blesseard en Tsjipke hat swier de gryp. Ek moatte sy jûn noch foar de kompetysje út nei De Harkema. Dizze seleksje moat it moarn dwaan:
Jaap, Feite, Jan-Simon, Jildert, Freek, Wytze en Willem.
Sy fertrekke moarn om 9.15.

Foar SDS 1 fjild dogge deselde spilers mei as yn de foarronde. Dit binne: Marten, Redmer, Jacob-Klaas, Harm, Erik, Skelte en Jacob. Sy ride om 9.20 oere út Easterein. Ferfier wurdt regele troch de spilers.

Programma foar SDS 1 seal en fjild moarn:

10.18 S.D.S. Zaal  – Futsal Buitenpost Veld 3,
de Trije rechts
10.18 Sc Franeker  – S.D.S. Veld Saxenhal
11.48 Oosterlittens  – S.D.S. Zaal Veld 1,
Zaal de Trije links
11.48 S.D.S. Veld  – Drachtster Boys Saxenhal
Zaal
13.18 L.S.C. Futsal  – S.D.S. Zaal Veld 1,
de Trije links
13.18 S.D.S. Veld  – Herauten Veld 3,
de Trije rechts

SDS 1 seal en SDS 1 fjild spylje al harren poulewedstriden spitich genôch tagelyk.

Sjoch hjir foar it hiele programma fan de finaledei.

Alle oare ynformaasje kinne jim fine op de spesjale webside fan it OFK op de webside fan ZVF (sjoch hjir).

SDS net yn finales OFK
SDS 1 seal en SDS 1 fjild binne der sneon beide net yn slagge om yn de 16e finales te kommen fan it OFK. Beide teams hienen it yn de lêste poulewedstryd yn eigen hân, mar kamen krekt tekoart.
SDS 1 seal begie mei in knappe 1-0 oerwinning op Futsal Bûtenpost troch in goal fan Freek. Yn de twadde wedstryd kamen sy mei 2-0 efter tsjin VV Oosterlittens seal, mar wisten dit troch goals fan Feite en Willem om te bûgen nei in 2-2 lykspul. Hjirtroch hienen sy yn de lêste poulewedstryd tsjin LSC oan in lykspul genôch om fierder te kommen. SDS foel oan en rekke fjouwer kear it houtwurk. In fan rjochting feroare skot soarge foar de 1-0 foar LSC krekt foar tiid. Sa gienen LSC en Oosterlittens seal troch nei de folgende ronde. Sy ferlearen dêr beide fan respektivelik Lemmer en Exstador.
SDS 1 fjild begie knap mei in 4-1 oerwinning op SC Franeker. Tsjin Drachtster Boys seal ferlearen sy mei 3-1. Yn de lêste wedstryd tsjin De Herauten soe in oerwinning in plakje yn de finaleronde opleverje. SDS kaam mei 1-0 en mei 2-1 foar, mar 2 minuten foar tiid foel de 2-2 en SDS koe hjir gjin feroaring mear yn bringe. De Herauten kamen úteinlik yn de heale finales tsjin Drachtster Boys seal. Drachtster Boys wûn dit, mar ferlearen úteinlik yn de finale fan Avanti mei 2-1.
Sjoch hjir foar alle útslagen

Midwintercup 2010
Sawol SDS 1 seal, SDS 1 fjild as de SDS-froulju slaggen der net yn de finaleronde te berikken.
SDS 1 seal net troch
SDS 1 seal is der net yn slagge om de folgende ronde fan de Midwintercup te heljen. Sy begienen mei in 2-0 oerwinning op Dronryp. Yn de twadde wedstryd tsjin LSC kamen sy al gau 2-0 efter. SDS kaam allinnich knap werom oan ’t 2-2, mar koe spitich genôch net mear winne. De wedstryd tsjin Zwaagwesteinde waard mei 2-1 wûn nei al gau mei 2-0 foar stien te hawwen. Tsjin ZVF waard mei 2-0 ferlern. SDS krige nei de 1-0 genôch kânsen, mar de lykmakker woe mar net falle en sa koe ZVF der yn de lêste sekonden noch 2-0 fan meitsje. De lêste wedstryd tsjin Golden Oldies waard noch knap mei 3-2 wûn nei in 2-0 efterstân. LSC moast hjirnei noch tsjin Zwaagwesteinde. De Snitsers wûnen dit mei 3-0 wêrtroch sy krekt in better doelsaldo hienen en mei ZVF nei de finaleronde gean.
SDS 1 fjild útskeakele
SDS 1 is juster net trochgien nei de finales fan de Midwintercup. It skema wie wat feroare trochdat TFS der net wie. De wedstriden duorren dêrom net in kertier mar 20 minuten.
De earste wedstryd waard kreas mei 6-1 wûn fan Wardy. Tsjin Oeverzwaluwen stie SDS lang mei 1-0 foar troch in goal fan Jelmer Posthumus, mar de 11 krekt foar tiid wie in djoeren. Tsjin Minnertsgea wûn SDS knap mei 3-1 en der like neat oan de hân. SDS moast yn de lêste wedstryd tsjin Heerenveense Boys in punt pakke om troch te gean. SDS kaam al gau mei 1-0 foar, mar SDS koe it hege tempo fan de jonge Feansters net byhâlde. Mei namme de spits en de keeper wienen goed op dreef. SDS krige kânskes op 2-0, mar nei de 1-1 en de 2-1 wie it dien. It waard sels noch 3-1. Om ’t Oeverzwaluwen en Heerenveense Boys beide noch in kear fuotbalje moasten koe SDS noch trochgean. Ien fan beiden moast dan al punten lizze litte tsjin respektyflik Minnertsgea en Wardy. Dit barde spitich genôch net.
SDS froulju pakke punt
De SDS-froulju dienen foar de twadde kear mei oan de Midwintercup en dienen it net gek. Nei de earste 2 wedstriden krekt ferlern te hawwen mei 1-0 waard der sels in punt pakt. Yn de lêste wedstryd tsjin Asser Boys ferlearen de froulju úteinlik kansloos mei 7-0.Sjoch hjirfoar it ferslach oer de finales.

Midwintercup 2009
SDS 1 útskeakele foar Midwintercup
SDS 1 is der juster net yn slagge om de finales fan de Midwintercup te heljen. De lêste wedstryd hienen sy alles noch yn eigen hannen. Sy moasten winne fan Wergea (fan trainer Cees Jansen) om de folgende ronde te heljen. Wergea die nergens mear foar mei en koe frijút fuotbalje. Hjir koe SDS net mei omgean en stie al gau mei 1-0 efter. Nei de 1-1 fan Harm gie SDS op syk nei de 2-1, mar krige sels it heft op de noas, 2-1 foar Wergea. Nei in reade kaart foar Peter wie it hielendal dien.
SDS – Holwerd 2-0
SDS – Exstador 2-1
SDS – Blauw-Wit ’34 futsal 1-2
Avanti – SDS 0-0
SDS – Warga 1-2
De finalisten fan 2007, Exstador en Avanti, binne troch nei de folgende ronde. Opfallend is dat SDS fan dizze twa ploegen juster 4 punten pakte………..
De folgende spilers dienen mei by SDS: Jaap, Harm, Feite, Peter, Willem, Hjalmar en Sytze.

Midwintercup 2008
SDS futsal kaam op ‘e nij yn de 16e finales. SDS spile de finaledei knap. Sy eindigen as earste yn in drege poule en krigen net in goal tsjin. Yn de 16e-finales gie it spitich genôch mis. Tsjin DTD waard 1-1 spile. DTD naam de penaltys úteinlik better.
Sjoch hjir foar it hiele ferrin dy dei.

Midwintercup 2007
De foarrondes fan de Midwintercup wurde spile  op 3,4 en 5 jannewaris 2007. Dizze wurde spile yn de Trije yn Frentsjer en “Sportstad” yn Heerenveen.
De finales binne op sneon 13 jannewaris.

Op 3 jannewaris 2007 spylje der twa teams fan SDS yn de Trije om harren te pleatsen foar de finaledei. De organisaasje hat er in prachtich skema fan makke foar de SDS supporters. Der is tusken troch sa no en dan efkes tiid foar in bakje.

Spoarboekje woansdei 3 jannewaris yn de Trije
poule fjild tiid wedstriden
3 1 19.30 Marrum SDS-fut
3 1 20.00 SDS-fut Dokkum
21 2 20.15 AVC SDS-fjild
3 1 20.30 Balk fut SDS fut
21 2 21.00 Aengwirden SDS-fjild
3 1 21.15 SDS fut BeQuickDokkum
21 3 21.45 SDS-fjild Black Boys
3 1 22.15 Donkerbroek SDS fut
21 3 22.30 SDS-fjild VIOD

Dit is de poule-yndieling

Poule 3 Poule 21
Balk fut. SDS za
Dokkum VIOD
Marrum Aengwirden
SDS fut. Black Boys
Be Quick D AVC
Donkerbroek

Klik hjir foar de lotting fan de foarrondes.

SDS kaam úteinlik oan ’t de 16e finales. Hjir gie it ûnderút tsjin FCL. Klik hjir foar it ferslach.

Midwintercup 2006
Sneon wiene yn Frentsjer de finalerondes fan de Midwintercup. Foar it earst dienen hjir 2 ploegen fan SDS oan mei. By de froulju die Akke-Rixt Sysling(freondinne fan Pieter Kamstra) mei by ONS.
Hjirûnder de seleksjes fan SDS 1 en 2:

Seleksje SDS 1: Seleksje SDS 2:
Jan-Simon Marten
Feite Jacob-Klaas
Harm Tseard H
Tsjipke Floris
Anne Mark
Peter Skelte
Robert Dirk-Yde
Willem

SDS ferlear sneon jammerlik yn de 16e finales fan Avanti. It ferslach dêrfan stiet yn de Treffer. Klik hjirfoar it ferslach en de útslagen fan SDS oan ’t de 16e finale. Dit wie úteinlik de einstân fan de Midwintercup 2006:
1 Heerenveen 1
2 Avanti 1
3/4 Franeker 1/Drs. Vijfje 1 
Op de webside fan Drs. Vijfje kinne jim alle útslagen fine(klik hjir).

Midwintercup 2005
Yn 2005 wurdt de Midwintercup foar it earst yn in nije foarm hâlden. Net mear yn it FEC, mar de foarronden(3-7 jannewaris) yn ferskiedene sporthallen yn Fryslân en de finales(15 jannewaris) yn de Trije yn Frentsjer.

*SDS 1 en RES troch nei finales yn Frentsjer
*SDS 2 útskeakele yn Workum

Hjir it spylskema fan de finalerondes
*Spylskema

SDS kaam úteinlik oan ’t de kwartfinales. Hjir waard jammer genôch ferlern fan de lettere winner Foarút. Dochs koe SDS net ûntefreden weromsjen.
*SDS ûnderút tsjin lettere winners

Midwintercup 2004
Ien fan de grutste suksessen fan SDS is it winnen fan de Midwintercup yn 2004. Dizze waard spile fan 14 oan ’t en mei 17 jannewaris 2004 yn it FEC yn Ljouwert.

Hjirûnder kinne jimme lêze en sjen oer hoe ’t dy dei ferrûn.

*Programma Midwintercup 2004
*Programma SDS

Hjir it ferslach fan dy geweldige dei:
*Ferslach Midwintercup

Hjir binne de foto’s:
*Foto’s Foto’s Hierlak

Dit stie der yn de ferskeidene media:
* Friesch Dagblad
* Teletekst Omrop Fryslân
* Midwintercup Omrop Fryslân

Midwintercup 2004: