Freed 17 novimber Simon Kistemaker op sponserjûn

Wy binne der yn slagge om foar de sponserjûn in tige oansprekkende namme binnen te heljen!
Op freed 17 novimber komt namelijk ‘de lêste kulttrainer fan Nederlân’, Simon Kistemaker, by ús op besite. Ferline jier waard syn biografie noch útroppen tot beste sportboek fan Nederlân. Simon Kistemaker wie fuotbaltrainer yn de jierren 80 en 90 by ûnder oaren Volendam, Cambuur, DS’79, De Graafschap en Telstar. Yn dy jierren waard hy bekend om syn eigensinnige oanpak. Kistemaker wurdt faak neamd yn in rijtsje kulttrainers; Fritz Korbach, Frans Körver en Bert Jacobs.

Alle sponsers en Freonen fan SDS kinne ynkoarten in útnoeging temjitte sjen foar dizze no al legendaryske jûn!
Hâld freed 17 novimber dus frij!

Simon Kistemaker yn syn Australyske perioade mei George Best

Simon Kistemaker mei dy oare ikoan fan de Achterhoek; Bennie Jolink.

Simon Kistemaker mei syn frou yn 2014 by Telstar – De Graafschap wêr Kistemaker de ôftraap nimme mocht.