Aankomende Evenementen

Laden Evenementen

« Alle Evenementen

SDS 1 – FC Dordrecht

5 augustus 17:00 - 22:30

Op 5 augustus sil SDS 1 thús oefenje tsjin Eerste-divisionist FC Dordrecht op it keunstgers op Sportpark De Skoalleseize yn Easterein. De wedstryd begjint om 17.00 oere.

 Selectie 2016-2017

FC Dordrecht is dit jier as 19e eindige yn de Eerste Divisie.

 Afbeeldingsresultaat voor logo fc dordrecht

Supporters fan FC Dordrecht en ynwenners fan Dordrecht wurde ek wol Schapenkoppen neamd. Dit komt werom yn it logo fan de klup.

Op dit momint is âld-SC-Heerenveen-spiler Gérard de Nooijer haadtrainer fan FC Dordrecht. De foarsitter is âld-fuotballer Marco Boogers.
Bekende âld-spilers fan FC Dordrecht (of doe noch DS’79) binne Joop Hiele, Epi Drost, Adri van Tiggelen, Mark de Vries, Cor Lems, Rick Hoogendorp en Hans Kraaij junior.

Der is ek ien bekende FC Dordrecht-supporter ek supporter fan SDS. Dat is namelijk de skoansoan fan Jan de Jong en swager fan Dirk en Hendrik, Ron Jansen. Ron is trout mei Akke.

5 augustus falt eksakt op it momint dat de measte SDS’ers net op fakansje binne, want it falt eksakt tusken de PC en de Freule yn. 😉

Gegevens

Datum:
5 augustus
Tijd:
17:00 - 22:30