Weppers freed 13-4-2018

SDS 1 thús tsjin de Wâlde

Op de fertroude tiid fan 14.30 oere SDS 1 tsjin ien fan de titelkandidaten.
De seleksje wurdt om 13.00 oere op it sportkompleks ferwachte: Jaap Toering, Bauke Dijkstra, Erik Haitsma, Frank Bervoets, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jacob-Klaas Haitsma,  Jelmer Posthumus, Lourens van der Pol, Marco Rijpkema, Matthijs Postma,  Remco Hylkema en Wierd Hofstra.

SDS 2 út tsjin Leovardia 2

SDS 2 giet om 13.00 oere nei Ljouwert (14.30 fuotbalje). Leovardia 2 stiet ien puntsje boppe harren en der is neat moaier omdat yn in streekrjocht duel te feroarjen yn twa puntsjes foarsprong.
De seleksje: Gertjan Bootsma, Arjen Los, Anne Stenekes, Bote Strikwerda, Dirk de Jong, Feite de Haan,  Jesse van der Weide, Jort Strikwerda,  Jurjen Los, Hendrik Engbrenghof, Lieuwe Vriesema, Sjeord en Tjeerd de Vries en Wiebe Vellenga.
Riders: Boudewijn, Feite, Jurjen en Lieuwe.

SDS 3 út tsjin Sleat 2

Sleat 2 hat 14 punten, SDS 3 hat er 20 mei 2 wedstriden mear spile. Wedstriid om 12.15 oere. Fertrek om 10.55 oere.
De seleksje: Gert-Jan, Anco, Auke, Gerlof-Jan, Harm S, Henk, Jan-Simon, Klaas, Pieter, Tjeerd, Ype en Willem.

SDS 4 thús tsjin Nijland 3

De reade lantearne yn dizze klasse wurdt meitôge troch Nijland 3. It is oan SDS 4 (dat 4 puntsjes mear hat) om dat se bliuwe te litten.
De seleksje dy’t 14.30  klear stiet: Jelmer B, Doede-Douwe, Gert-Jan, Andries, Tseard V., Sytse, Allert, KB, Steffen, Peter, Johan, Ids en Eeltje.

SDS VR1 út tsjin sc Bolsward VR2

SDS VR1 stiet op it twadde plak en sc Bolsward VR2 op it lêste. Wedstriid begjint 12.30.
De seleksje: Marjo, Janieke, Seriete, Richtje, Hester, Lysanne, Gerry-Edou, Sieta, Agnes, Geeske, Kirsten, Alissa, Sanne en Tjitske
Koach: Bertus
Flagger: ????

Flagger
SDS VR1 siket noch in flagger. Om 11.15 sette se ôf nei Boalsert. Wa wol flagje?

Debút?

Wierd Hofstra út Reahûs spilet by de JO19-1 en mei moarn nei mei de JO19-1 fuotballe te hawwen mei SDS 1 mei tsjin De Wâlde 1. As hy ynfalt dan makket hy syn debút yn SDS 1. Neffens ús foar it earst dat der yn út Reahûs yn SDS 1 fuotballet. Of hawwe wy it mis? Mail it nei info@vv-sds.nl.

Sponsoren

Bij alle thúswedstriden fan SDS 1 binne der twa wedstriidsponsoren.  Dat binne sneon TRW service, it garaazjebedriuw fan Tjerk Wiersma út Wommels en Durk en Siemie foar koart, eigners fan fan it Dielshús.

Twa punten kwyt

DWP 1 – VV Willemsoord waard lêsten staakt om ’t Willemsoord fan it fjild stapte neidat DWP harren net skore litte woe, om’t DWP in goal makke hie út in skiedsrjochtersbal. It lêste heal oere sil no op tiisdei 1 maaie útspile wurde en Willemsoord krijt twa punten yn mindering.

Yn Snits

Moarn spilet Waterpoort Boys ‘út’ tsjin DWP. Fan ’t winter waard de thúswedstriid yn De Wite Peal fuotballe om ’t sy dêr keunstgers hawwe. No wurdt de útwedstriid moarn yn Snits fuotballe.

Foar it lêst……

Juster hie Pieter Wesselius bartsjinst yn de kantine. Undanks dat hy net mear fuotballe draaide hie dochs 5 kear per jier in bartsjinst op tongersdeitejûn en kaam hjirfoar hielendal út Grins. Pieter bedankt! Wy sille dy misse! Dyn frikandellen ek!

SDS-dropaksje

Om ’t SDS gearwurket mei vv Nijland ferkocht de ST. SDS-Nijland JO15-3 dropkes yn Nijlân. Blykber binne sy yn Nijlân gek op drop, want der waarden mar leafst 77 pûden drop ferkocht! Sjapoo!

Frans Munsterman

Ald-trainer fan SDS, Frans Munsterman, begjint nei 2 ‘sabbatical years’ oan in nije klus. Hy wurdt folgend seizoen trainer fan VC Trynwâlden 1 sneins.

Harsens derby (2011)

Ho!